N354 by Tsienzerbuorren wurdt feiliger makke

28 nov 2016 - 11:09
Foto: Camjo Media, Jaring Rispens

De provinsje is moandei by Tsienzerbuorren begûn mei it feiliger meitsjen fan de N354 fan Snits nei de A32. Dêr hat de lêste wiken in tal ûngelokken west, wêrby't in pear minsken slim ferwûne rekke binne.

Der komme no strepen op de dyk sadat de rânen better te sjen binne. En der komt in dûbele streek om it ynhelferbod sichtber te meitsjen. Letter komt de provinsje ek noch mei in kampanje tsjin te hurd riden.

Trefwurden: 
Tsienzerbuorren N354
(advertinsje)
(advertinsje)