Kommend wykein gjin treinen tusken Bûtenpost en Grins

De trein fan Arriva
Der ride kommend wykein fanwegen wurksumheden oan it spoar gjin treinen tusken de stasjons yn Grins en Bûtenpost. Ferfierder Arriva set dêrom op sneon en snein bussen yn om de reizgers te ferfieren. Dy moatte by de stasjons yn- en útchecke mei harren ov-chipkaart.
De bussen stean op de pleinen foar de treinstasjons. It is net mooglik om in fyts mei te nimmen yn de bus.