Dieven nimme ferkearsboerd mei

© Omrop Fryslân
Twa Ljouwerters fan 34 en 43 jier binne sneon oanholden op fertinking fan stellerij. It duo hie by in âld-izer hanneler oan de Einsteinwei in ferkearsboerd oanbean mei de peal der noch oan. De hanneler fertroude it net en rôp de plysje derby.
De Ljouwerters koene net ferklearje wêr't it ferkearsboerd weikaam wylst in tsjûge sjoen hie dat it nei alle gedachten fan in ôfsletten terrein oan de Skinkeskâns helle wie. De mannen binne foar neier ûndersyk ynsletten.