Hoe stiet it mei jo hierhûs? Doch de enkête!

05 des 2016 - 15:45

Sit der by jo hierhûs skimmel op de muorren en yn de keukenkastjes? Wannear hat jo ferhierder foar it lêst wat oan jo wenning dien? Omrop Fryslân wol graach jo miening oer jo hierhûs.

Wa is ferantwurdlik foar hokker saken by jo hierhûs? Moatte jo bygelyks sels de skoarstien feie litte of is dat foar de ferhierder? En hoe goed kinne jo de ferhierder berikke as jo in klacht hawwe? Of rint alles prima?

Folje ús enkête yn! Sawol positive as negative ûnderfiningen binne wolkom!

Enkête ûnderhâld hierhuzen

De regionale omroppen en de NOS wolle graach omtinken jaan oan de kwaliteit fan hierhuzen. Dêrom freegje wy jo no om jo miening te jaan oer jo hierhûs, troch de fragen fan De Enkête te beäntwurdzjen.

Trefwurden: 
Enquete hierhuzen ferhierders
(advertinsje)