"Nije partij Monasch spitich"

Kandidaat listlûkers Diederik Samsom en Lodewijk Asscher fine it spitich dat Jacques Monasch út de PvdA stapt is. "Volgens mij word je sterker met elkaar, door kritisch op elkaar te zijn en dan samen de strijd aan te binden, dan dat iedereen zijn eigen partijtje begint", sa seit Asscher. Diederik Samsom gunt Monasch alle sukses, mar hie hope dat er foar de sosjaal demokrasy behâlden bliuwe soe. "Nu denkt hij kennelijk dat elders meer te halen valt. Ja goed, elke politicus die dat denkt moet zijn idealen naleven. Ik vind het jammer."
Sawol Asscher as Samsom tinke net dat de nije partij fan Monasch de PvdA stimmen kostje sil.
Nijs oer politike takomst
Jacques Monasch seit moandei of tiisdei nijs te hawwen oer syn politike takomst. Earder wie de ferwachting dat er dit yn it wykein bekend meitsje soe. Dat wurdt wat letter om't Monasch 'de aginda's lyk sette moat' mei kandidaten foar syn nije beweging. Jacques Monasch stapte hast trije wike lyn út de PvdA. Hy wie fan doel dêr de nije listlûker te wurden, mar hie in skeel mei de partijtop.
Dêrtroch giet de liederstriid by de PvdA no tusken Diederik Samsom en Lodewijk Asscher. Dy wiene beide sneon yn Ljouwert. Yn de Elfstedenhal giene se mei-inoar te reedriden en yn petear mei de leden fan de PvdA.