UPDATE: Loads ynstoarten troch útslaande brân De Jouwer

In loads fan it metaalbewurkingsbedriuw Jamon oan de Hannelswei op De Jouwer is sneintejûn ferlern gien troch in útslaande brân. Troch de hjitte stoarte de stielen konstruksje fan de loads yn. By de brân kaam in soad reek frij. Ek wie der ûntploffingsgefaar troch gasflessen yn de loads. Neffens de brânwacht wie it net feilich om it gebou yn te gean. De brân waard dêrom fan bûten ôf bestriden. It is noch net bekend wêrtroch de brân ûntstien is.
By de brân kaam in soad reek en roetdieltsjes frij. In part fan de rotonde fan De Jouwer waard dêrom ôfsletten. De brânwacht advisearret omwenners om ruten en doarren ticht te dwaan.