UPDATE: Oanriding by Marsum, ôfrit wer frijjûn

Op de A31 fan Ljouwert nei Harns is de ôfrit nei Marsum wer frijjûn. De ôfrit wie ticht fanwegen in plysjeûndersyk nei in oanriding. Dy fûn sneintejûn plak by de rotonde op de N383 by Marsum. De bestjoerder fan in BMW botste efterop in oare auto. Hy naaide dêrnei út. Der waard in melding dien op Burgernet. Even letter waard de man oantroffen.