Follybalfroulju VC Snits yn thriller foarby Alterno yn beker

27 nov 2016 - 18:12
De Snitser froulju - Foto: AWfoto

De follybalfroulju fan VC Snits hawwe sneintemiddei yn Apeldoorn nei in tige spannende striid mei 3-2 wûn fan Alterno. De setstannen fan dit duel yn de achtste finale fan de beker wienen 21-25, 25-23, 27-25, 18-25 en 13-15. Yn de beslissende fiifde set moast VC Snits in 13-12 efterstân goedmeitsje en dat slagge.

In swier befochten oerwinning dus, mar de ploech fan trainster Petra Groenland giet no troch nei de kwartfinale fan de beker.

Trefwurden: 
VC Snits Alterno follybal beker
(Advertinsje)
(Advertinsje)