SC Hearrenfean definityf sûnder Stijn Schaars tsjin Ajax

Stijn Schaars © Martin de Jong
SC Hearrenfean moat it yn de topper tsjin Ajax definityf dwaan sûnder oanfierder Stijn Schaars. De middenfjilder is noch hieltyd net hersteld fan de blessuere dy't er oprûn yn de ynterlân fan it Nederlânsk alvetal. Younes Namli ferfangt Schaars op it middenfjild. Fierder komt Pelle van Amersfoort werom yn de basis by de ploeg fan trainer Jurgen Streppel. Dêrom sit Morten Thorsby op de bank.
By tsjinstanner Ajax docht âld-Hearrenfeanspiler Hakim Ziyech wol mei. Hy wie noch in twifelgefal, mar is fit genôch om yn de basis te begjinnen.