Bosz, El Baad en Houtkoop yn basis Cambuur

27 nov 2016 - 13:02

Trije oare spilers begjine moandei yn de basis by Cambuur yn de útwedstriid tsjin Telstar. Chiro N'Toko is blesseard oan de hamstring. Hy wurdt ferfongen troch Omar el Baad. Gino Bosz krijt de foarkar boppe Noureddine Boutzamar en Xander Houtkoop spilet yn stee fan Tyrone Conraad.Cambuur wol yn útwedstriden spylje mei in 5-3-2 opstelling, mei trije man sintraal efteryn. Foar Houtkoop jildt dat hy de hiele linkerkant bestrike moat. Nei de oerwinning op NAC Breda freed, komt Cambuur ticht yn de buert fan de subtop.

Neffens trainer Sipke Hulshoff moat der wûn wurde fan Telstar, sadat de oansluting echt ta stân komt. By ferlies hat de winst tsjin NAC Breda hast gjin wearde mear sa fynt hy.
Opstelling Cambuur: Zeinstra; Houtkoop, Peersman, Schilder, El Baad, Van Deelen; Bosz, Bakker, Monteiro; Van de Streek, Hoefdraad.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)