Takomst Nyck de Vries is ûnwis by talinteteam McLaren

27 nov 2016 - 13:01

Autokoereur Nyck de Vries hat noch gjin idee hoe't syn takomst derút sjocht. De 21-jierrige Snitser rydt dit seizoen foar it talinteteam fan McLaren, mar oft dat it kommend seizoen noch it gefal is wit er net. "Er zijn veranderingen gaande binnen McLaren. De vorige topman is er min of meer uitgezet en hij was een groot voorstander van mij. Voor hem is iemand in de plaats gekomen, dus ik weet nog niet hoe zich dat gaat ontwikkelen", fertelt De Vries.

Hy hâldt de moed deryn: "Ik ben er redelijk positief over. We moeten nu kijken wat voor opties en mogelijkheden er zijn. Eind januari nemen we een beslissing", sa seit De Vries fanút Abu Dhabi. Dêr wûn er sneon de lêste GP3-race fan it seizoen. "Iedereen herinnert zich altijd de laatste wedstrijd van het jaar. Ik denk dat dit wel een belangrijk moment is om te scoren." Earder wûn De Vries ek al in race yn Italië. Yn it klassemint einige de Snitser as sechsde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)