Skriezen belibje in dramatysk 2016

Skries © Henk Bootsma
2016 wie in min jier foar de skries. It briedseizoen is dramatysk ferrûn, sa docht bliken út de nasjonale fûgeltelling, dy't sneon bekendmakke is yn Ede. Der binne dit jier 4000 skriezepiken grut wurden en dat is folle minder as de 11.000 dy't nedich binne om de stân op peil te hâlden.
Der binne meardere oarsaken: te betiid meane, te drûch lân mei te min blommen, wêrtroch der te min ynsekten binne en dus ek te min fretten foar de skriezen.
Swiere tongerbuien
Dizze maitiid hiene de skriezen noch mear tsjinslach: swiere tongerbuien mei hagel hawwe in protte piken nei alle gedachten it libben koste. Yn Súdwest-Fryslân wie in protte predaasje, piken binne pakt troch oare bisten. Op de meande keale gerslannen binne jonge fûgels in maklike proai.
"Nederlân oansprekke op greidefûgelbelied"
Vogelbescherming Nederland hat de Europeeske kommisje earder dizze moanne frege om Nederlân oan te sprekken op te min greidefûgelbelied. Der binne wol spesjale projekten foar de skries, ek yn Fryslân, lykas by Idzegea, Wommels en op Skylge. Mar dizze oanpak soe mei stipe fan de oerheden ek op mear plakken útfierd wurde moatte, fine de ûndersikers. De lanlike telling fan jonge skriezen is in gearwurkingsprojekt fan de Vogelbescherming Nederland, SOVON Vogelonderzoek Nederland en de Ryksuniversiteit fan Grins.