Ynskriuwing foar de Winteralvestêdefytstocht begjint
MInsken dy't meidwaan wolle oan de winterfytsalvestêdetocht, kinne har sneintemiddei tusken 13.00 en 16.00 oere ynskriuwe. De ynskriuwing is by de Decathlon op winkelpark De Centrale yn Ljouwert. De organisaasje hopet wer op 1500 dielnimmers.
It sil de tredde edysje wurde. By de foarige tocht, op 14 febrewaris 2016, wiene de waarsomstannichheden sa min dat de tocht healwei stillein waard. Troch de rein en de kjeld rekken in protte fytsers ûnderkuolle. Sy waarden troch de organisaasje fan de dyk helle.