UNIS Flyers komt werom fan efterstân en wint mei 5-4

© fotopersbureau MartindeJong
UNIS Flyers hat sneontejûn yn in spannende wedstriid mei 5-4 wûn fan Eindhoven Kemphanen. Op it iis fan Thialf seagen de Feanster iishockeyers nei de earste perioade tsjin in 3-1 efterstân oan, mar kamen dêrnei sterk werom. Yn de twadde perioade rûnen de Flyers yn op de gasten troch goals fan Yan Turcotte en Valentijn Bouten en kaam de stân op 4-3, noch hieltyd yn it foardiel fan Eindhoven.
De oerwinning gong yn de tredde perioade lykwols nei de Flyers. Brent Janssen makke de lykmakker 4-4 en Tony Demelinne beslikke de wedstriid yn 5-4.