VV Hearrenfean lit punten lizze yn Meppel

26 nov 2016 - 21:54

MSC Meppel wie sneontejûn te sterk foar de fuotballers fan VV Hearrenfean. De Feansters ferlearen de útwedstriid yn de sneinshaadklasse mei 2-0. It duorre lang foardat de iepeningstreffer foel, mar noch krekt yn de earste helte kaam MSC op 1-0 foarsprong. Justin Benjamins skeat yn de 43e minút de bal yn it net fan doelman Justin van der Dam.

Ek yn de twadde helte hiene beide ploegen it dreech om kânsen te fersulverjen, mar yn de 90e minút gong de winst definityf nei MSC Meppel troch in doelpunt fan Milan van der Weide.

(Advertinsje)
(Advertinsje)