Hurdridersklup Hearrenfean krijt keninklike ûnderskieding

26 nov 2016 - 21:31
Thialf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De hurdridersklup Hearrenfean (HCH) hat sneontejûn in keninklike earepinning krigen út hannen fan lokoboargemaster Jelle Zoetendal. Dat barde by it 50-jierrich bestean fan de feriening. De earepinning is in eareteken dat allinnich troch it keninklik hûs ferliend wurde kin en wurdt útrikt oan ferieningen, stichtingen of ynstellingen.

Ferieningen moatte op syn minst 50 jier bestean om yn de beneaming te kommen. De HCH waard op 1 maart 1966 oprjochte, ien jier foar de iepening fan Thialf.

Sûnt de oprjochting traint de HCH yn Thialf. Op it stuit binne der rom 400 leden en is der in grut ferskaat oan trainers. Yn it fernijde Thialf waard sneon in reüny hâlden foar leden en âld-leden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)