ONS pakt punt troch 0-0 lyk spul tsjin FC Lisse

26 nov 2016 - 18:01

ONS Boso Snits hat sneon thús in punt pakt troch in 0-0 lyk spul tsjin koprinner FC Lisse. Beide ploegen giene yn it begjin lyk op. Rjochting rêst naam de druk fan FC Lisse ta, mar se kamen net ta skoaren. Sa wie de rêststân 0-0. De twadde helte begûn pas om 16.30 oere, in healoere letter, omdat de grinsrjochter blesearre rekke wie en der moast earst in ferfanger komme. 

ONS siet nei it lange skoft better yn de wedstriid as yn de earste helte, mar in doelpunt siet der net yn. 

ONS en Harkemase Boys steane no mei 17 punten op likense hichte.

Trefwurden: 
ONS Boso Snits fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)