Snitser autokoereur De Vries de rapste yn Abu Dhabi

26 nov 2016 - 17:20
Nyck de Vries mei kollegaracer Max Verstappen - Foto: ANP

Autokoereur Nyck de Vries fan Snits hat sneon yn Abu Dhabi de GP3-race wûn. Foar de 21-jierrige Snitser wie it de twadde oerwinning fan dit seizoen en de earste yn in haadrace. De Vries begûn as tredde oan de race en koe nei in ynsidint tusken Alexander Albon en Jack Aitken de lieding oernimme. Mei syn winst slút De Vries, dy't stipe wurdt troch McLaren, it jier ôf op in sechsde plak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)