Harkemase Boys wint yn Scheveningen mei 1-0

26 nov 2016 - 16:54

Harkemase Boys koe him sneon knap steande hâlde yn en tsjin Scheveningen, de nûmer 3 yn de tredde difyzje. De earste helte barde der net sa'n soad. Fan beide kanten wiene der mar in pear kânsen. De rêststân wie dan ek 0-0.

Nei it skoft wiene der kânsen foar beide partijen mar yn de 78ste minút wie it ynfaller Simon IJzerman dy't Harkemase Boys dochs wol ferrassend op foarsprong sette. It wie in prachtich ôfstânsskot fan 20 meter. Nei in spannende einfaze einige de wedstriid yn in fertsjinne 1-0 winst foar Harkemase Boys. 

De Boys binne dwaande mei in goede opmars de lêste wiken. Se hellen alve punten út de lêste fiif wedstriden.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)