Auke Zeldenrust: Flechtlingen demonstrearje op Lesbos

26 nov 2016 - 16:41

Yn de strjitten fan Mytilini, de haadstêd fan Lesbos demonstrearje op dit stuit hûnderten flechtlingen. Dat meldt ferslachjouwer Auke Zeldenrust fan Omrop Fryslân. Se komme yn opstân tsjin de yn harren eagen ûnminsklike tastannen yn beide kampen op it eilân. Se moatte te lang wachtsje op harren asylproseduere en de leefomstannichheden binne ûnder de maat, sizze se. Direkte oanlieding is in brân yn kamp Moria wêrby't tongersdeitenacht in beppe en har beppesizzer omkamen.

Op Lesbos sitte no 6.000 flechtlingen, mar neffens de boargemaster is der mar plak foar 3.000. Hy ropt de Europeeske Uny op om te helpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)