Non-stop yn de kryststimming mei Douwe Heeringa

Kryst mei Douwe © Omrop Fryslân
Oer fjouwer wiken is it alwer krysttiid. Om alfêst yn de stimming te kommen hat presintator Douwe Heeringa de moaiste krystmuzyk op in rige setten. Yn syn programma 'Mei Douwe' jout de presintator snein it startskot foar 'Kryst mei Douwe'. Op de online radiostjoerder is oant de krystdagen non-stop krystmuzyk te beharkjen. Wy fregen Douwe wat wy ferwachtsje kinne en hoe't er de muzyklist gearstald hat.
Hokker muzyk kinne wy ferwachtsje?
Der is sa'n soad ferskaat oan krystmuzyk, der sit dit jier foar alle smaken wat by. Fansels binne krystklassikers as de Messiah en it Weihnachtsoratorium te hearren, mar ek Russyske tsjerkemuzyk, tradisjonele Christmas carols en wrâldmuzyk út alle wynhoeken komme oan bar. En ek Edith Piaf, Frank Sinatra, Peggy Lee en Fairuz wurde draaid.
Wat is de sfear dy'tsto oproppe wolst mei dizze muzyk?
De krysttiid is in bysûnder gesellige tiid fan it jier. Mar guon minsken binne ek iensum mei de krystdagen. Muzyk kin in treastende wurking hawwe en ik hoopje dat de harkers dy't har allinnich fiele treast fine kinne yn prachtige muzyk.
Wêr dochsto ynspiraasje op foar muzyk?
Ik harkje it hiele jier troch in hiel soad nei muzyk. Yn de simmer begjin ik dan mei it selektearjen fan muzyk foar de krysttiid. Uteinlik haw ik hûnderten muzykstikken útsocht foar it programma 'Kryst mei Douwe'. It is net allegearre krystmuzyk, mar de sfear fan de muzyk past tige goed by dizze tiid fan it jier.
Wat is dyn eigen ultime krystplaat?
It Weihnachtsoratorium fan Bach is dochs wol ien fan myn favorite muzykstikken foar de krysttiid. Ik fyn Bach en Russyske klassike muzyk eins altyd moai. De fespers fan Rachmaninov fyn ik ek goed by de krysttiid passen. It is ferstille muzyk foar de tsjustere winterdagen. Ik begjin myn non-stop útstjoering mei Koppangen fan Anne Sophie von Otter. Dêr kom ik no echt fan yn de kryststimming!
'Kryst mei Douwe' is fan snein 27 novimber ôf te hearren op omropfryslan.nl/krystmeidouwe en de Omrop-app.