Doazenfol Fryske jassen útdield op flechtlinge-eilân Lesbos

26 nov 2016 - 15:41

Op Lesbos binne se tige bliid mei de Fryske winterjassen dy't goed trije wiken lyn ynsammele binne foar de flechtlingen dêr. De jassen wurde dit wykein útdield.

Mear as 1000 winterjassen ha de reis makke fan Akkrum nei it Grykske eilân. Dat is hurd nedich, seit Steffi de Pous fan de helpferlieingsorganisaasje dy't dêr ferantwurdlik foar is.

Ien fan dy jassen dy't no op Lesbos is, is fan ús eigen ferslachjouwer Auke Zeldenrust. Dy is syn jas achternei reizge. Hy docht ferslach fan wat er dêr oantreft, en wa't syn jas krije sil. En dat is net sûnder gefaar

Auke is bot ûnder de yndruk fan wat er dêr allegearre sjocht. "Oeral lâns de kust lizze noch swimfesten. Sa komt it wol hiel tichtby allegearre."

(advertinsje)
(advertinsje)