Plysje kontrolearret 12.000 auto's op mobyl banditisme

26 nov 2016 - 15:29

De plysje hat de ôfrûne wike kontrôles holden op ferskate plakken op de sneldiken yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Mei in kentekenscanner binne 12.000 auto's kontrolearre, 50 binne oan de kant set. De plysje socht nei kriminelen: ynbrekkers en oplichters, benammen út East-Europa. Dy strike faak earne del en lûke nei koarte tiid wer fierder. Mobyl banditisme neamt de plysje dat.

Banditen ha se net oantroffen, mar wol binne der trije minsken oanholden dy't net oan de kontrôles meiwurkje woene. Ek binnen der boeten útdield oan automobilisten dy't te hurd rieden, kleefden of ferkeard ynhellen.

Kontrôles weardefol

De plysje hat net allinne kontrolearre, der is ek ynformaasje garre, seit Marian Bekema. Sy is projektlieder mobyl banditisme fan de plysje yn Noard-Nederlân. "Het krijgen van een goed beeld van deze rondtrekkende criminelen is een uitdaging, mede doordat ze vaak in wisselende samenstellingen opereren en hun werkwijze nog weleens aanpassen. Daarom zijn deze controles ook zo waardevol." De plysje wurket gear mei Europol en mei plysjes fan oare lannen, wêrûnder Dútslân, Eastenryk, Roemenië en Bulgarije.

Omreizgjende ynbrekkers binne lestich te pakken, seit Bekema. "Door informatie over verdachte personen en hun reisbewegingen te verzamelen, krijgen we een steeds beter beeld van deze criminele groepen. Op basis hiervan proberen we verbanden te leggen en uiteindelijk deze criminelen aan te pakken."

(advertinsje)