Naturistekemping 50 jier

De Fryske ôfdieling fan naturiteferiening Zon en Leven bestiet 50 jier. Dit wykein is der dêrom in lyts feest by kemping de Appelhof yn Sânhuzen. De earste naturisten wiene benammen idealistysk, mar der is yn in hiele ieu tiid in soad feroare.
Sa wie it yn it begjin bygelyks ferbean om fleis te iten en alkohol te drinken, mar dat is no net mear it gefal. Ek is der hieltyd mear lúkse te finen. Eartiids wie it net iens mooglik om waarm te dûsjen, mar no is der sels al in wifi-ynternetferbining beskikber.