Master Freerk Brouwer wint 'Mees Kees'-ferkiezing

26 nov 2016 - 12:30

Master Freerk Brouwer fan basisskoalle 'De Trime' yn Beetstersweach is útroppen ta 'Mees Kees'. De 'Mees Kees'-ferkiezing is ûnderdiel fan in kampanje om mear studinten oan te lûken foar de PABO, de oplieding foar learkrêft basisûnderwiis.

Trije masters fan basisskoallen yn Nederlân wiene noch yn de race foar de titel. Sneon is yn Utrecht de útslach bekend makke, dêr't Freerk Brouwer is mei syn klasse foar de premjêre fan de nije 'Mees Kees'-film.

(Advertinsje)
(Advertinsje)