PvdA-listlûkers op glêd kampanje-iis yn Ljouwert

26 nov 2016 - 12:23

De beide kandidaat-listlûkers fan de PvdA Lodewijk Asscher en Diederik Samsom binne sneon yn de Elfstedenhal om dêr in rûntsje te riden en dêrnei te praten mei de leden fan de PvdA. In echt debat tusken Asscher en Samsom stiet net op it programma. Yn earste ynstânsje soene se wol tegearre sprekke yn it Crystallicgebou, mar dat punt fan de aginda is oanpast, dêr giet no allinnich Asscher hinne.

Yn Grins is wol in echt debat. De listlûkersferkiezing duorret oant en mei woansdei 7 desimber, twa dagen letter wurdt de útslach bekendmakke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)