Omropferslachjouwer hat spul mei kampkommandant op Lesbos

26 nov 2016 - 12:05

"Noflik is it net, op Lesbos", seit ferslachjouwer Auke Zeldenrust. Hy is dêr foar Omrop Fryslân, om oan de hân fan syn eigen jas it ferhaal fan de flechtlingen dêr yn byld te bringen. Anke-Marije Piebenga fan Akkrum rôp in pear wike lyn minsken op om jassen te jaan foar Lesbos. Auke folget de reis fan de Fryske jassen nei Lesbos.

Auke hat spul krigen mei in lilke kampkommandant en moast drave om út de hannen fan junks te bliuwen. "Miskien bin ik der wat al te nayf ynstapt. It is hjir wol oars as by de opfang Grou, of by Heliconstate."

Boargemaster is net de baas op Lesbos

"Ik hie tastimming krigen fan de boargemaster op it eilân, mar wat blykt no, de kommandant fan it flechtlingekamp dêr't ik hinne soe, dy is dêr echt de baas, dat is Stavros, en dy bepaalt wat dêr bart. Ik wachte op him, en yntusken wie ik noch wat oan it praten, en bylden oan it draaien. Doe kaam hy der oan. Hy stelde him net iens foar, mar gong direkt los sil ik mar sizze. Lilk! Ik moast fuort wêze, ik moast de bylden fuortsmite dy't ik dêr draaid hie. En de tastimming dy't ik fan de boargemaster hie, dy koe ik wol fuortsmite. Dat sei him hielendal neat. Mei oare wurden: dat gong noch net sa maklik."

Wa krijt Auke syn jas?

Auke woe syn jas dochs kwyt. Yn it kamp slagge dat net, mar bûten it kamp wol. "Dêr wie in man, in Iraakse Koerd, dy hat myn jas krigen. En dat wie ek noch net maklik, want wy stiene dêr mei noch mear flechtlingen, en doe kamen der twa Dútsers oan. It wiene junks. Dy woenen de kamera ferniele. Doe sei de frijwilliger dy't by my wie, dy sei: 'Auke, ik soe mar drave as ik dy wie, want oars bist dyn kamera kwyt, en dan is alles stikken'. Dus ik haw it op in draven set."

It jout oan hoe min oft de sfear dêr is, seit Auke. En by it oare flechtlingekamp in eintsje fierderop is it noch slimmer. "Dêr moatst al hielendal net mei de kamera komme. Ik bin der in pear kear foarby riden. Dêr is kramtried, bewaking, it leger is der by. Ik ha wol sjoen dat de omstannichheden dêr net bêst binne."

Se freegje my om help

"Minsken freegje my om help. Se sjogge my mei myn kamera, en komme nei my ta. 'Fertel de wrâld wat hjir oan de hân is, want dit komt sa net goed!' Dat gefoel hast sels ek ast hjir omstapst. Foar de flechtlingen is it eilân in finzenis. Se meie der net ôf. En se sitte hjir fierstente lang, se soenen in hiele koarte asylproseduere krije, mar dat is dus net it gefal."

Grinskontrôle

Auke is yntusken wer bykaam fan de hektyk. "Ik bin hjir no rêstich op myn hotelkeamer, mei útsicht op see. Dêr leit in boat fan de marine. 'Border Force.' Se hâlde hjir de grinzen goed yn de gaten." Hy hat in nije ôfspraak makke om mei de kampkommandant te praten.

Op in oprop yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed om jassen te jaan foar de flechtlingen op Lesbos waard manmachtich reagearre. Auke folget de reis fan de jassen om sa it ferhaal fan de flechtlingen tichteby te bringen. Syn bydragen binne dit wykein te hearren op de radio. Hy is ek te folgjen fia ynternet en op tongersdei 1 desimber sit er yn de telefyzjestudio fan Fryslân Hjoed.

(advertinsje)
(advertinsje)