Portiers krije klappen by fjochtpartij yn Club 1841 Snits

26 nov 2016 - 11:41

Der hat sneontemoarn betiid in grutte fjochtpartij west yn Club 1841 yn Snits. Twa portiers krigen ferskate klappen doe't se yngripe woene by in fjochtpartij. De plysje hat twa minsken oanhâlden en hat noch mear fertochten op it each. Dizze fjouwer krije allegearre in hoarekaferbod fan twa jier.

De plysje siket tsjûgen fan de fjochtpartij en wit dat der ferskate filmkes makke binne troch omstanners. De plysje wol dizze bylden graach hawwe om in sa kompleet mooglik byld te krijen fan wat him ôfspile hat.

Trefwurden: 
slaanderij Snits Club 1841
(Advertinsje)
(Advertinsje)