Legorobot-wedstriid yn Sint-Anne

26 nov 2016 - 11:20
Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

Skoallemienskip Ulbe van Houten yn Sint-Anne is sneon de gasthear foar de Fryske regiofinale fan de First Lego League. It giet om in ynternasjonale technykwedstriid foar bern fan 9 oant 15 jier. Sy moatte fan Lego in robot meitsje en dêrnei ek programmearje. Der dogge 30 teams fan skoallen út hiel Fryslân mei.

Mei de First Lego League wurdt besocht om technyk in better plak te jaan yn it lesprogramma fan skoallen. De Lego-robot-wedstriid yn Sint-Anne duorret sneon oant 16.00 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)