Lichtpuntloods Kollumersweach sneon offisjeel iepene

26 nov 2016 - 10:14
Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Yn Kollumersweach is sneontemoarn de fernijde Lichtpuntloods offisjeel iepene. De kringloopwinkel is flink útwreide. Achter de besteande winkel is in nije loads boud fan 900m2. De oanfier fan guod nei de winkel waard sa grut, dat it magazyn te lyts waard. De sortearôfdieling koe de grutte oanfier ek net mear oan.

Mei de nije oanbou kin der no folle effisjinter wurke wurde en de winkel sels is ek flink grutter wurden. De Lichtpuntloods is no ien fan de grutste kringloopwinkels fan Noard-Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)