Cambuur-keeper Harm Zeinstra: "We sitte der lekker yn!"

26 nov 2016 - 09:00

"We sitte der lekker yn", sa sei keeper Harm Zeinstra, nei de wedstriid tsjin NAC Breda, dy't Cambuur freedtejûn mei 3-1 wûn. "Hjirmei hawwe wy sicht op in fjirde plak yn de kompetysje". Foar himsels wie de fjirde minút fan de wedstriid in hiel belangryk momint, doe't hy mei in prima rêding NAC Breda ôfhold fan in 1-0 foarsprong.

Healweis de earste helte kaam Cambuur op 1-0, mar dêrnei wie Cambuur it even kwyt en mei rêst stie it dan ek 1-1

Doelpunt falt út de loft

Van de Streek sette Cambuur yn de twadde helte opnij op in foarsprong mei in goal dy't letterlik út de loft foel en Jamiro Monteiro soarge foar de beslissende 3-1. "Ik houd een heerlijk gevoel aan deze wedstrijd over", sa sei Van de Streek nei ôfrin. "Na de 1-0 hadden we het even lastig en dan geven we ook een paar kansen weg, waar gemakkelijk doelpunten uit hadden kunnen vallen. Gelukkig hield Harm Zeinstra ons in de wedstrijd. Bij de 1-1 was hij kansloos, daar hadden wij scherper moeten zijn". Oant de rêst hie Cambuur it lestich en ek it begjin fan de twadde helte slagge it net om it ferskil te meitsjen. Nei de 2-1 hie Van de Streek in goed gefoel: "toen hadden we wel het gevoel dat we de wedstrijd naar ons toe gingen halen".

Kommende wedstriid tsjin Telstar is krúsjaal

"Ik bin hartstikke bliid mei dizze searje, mar de wedstriid fan kommende moandei tsjin Telstar is krúsjaal", sa sei trainer Sipke Hulshoff nei de wedstriid. "It kantelpunt wie de wiksel yn de 70e minút, doe't Martijn Barto deryn kaam, want doe makken we flot de 2-1 en ek de 3-1 en hiene we de wedstriid yn de bûse". De trainer seach ek dat it ien fan de minste wedstriden fan Cambuur wie: "mar wêr't earder sokke wedstriden ferlern waarden, slagge it no wol om de punten oer de streek te lûken." 

(Advertinsje)
(Advertinsje)