FNP wol útsûndering foar bioboeren yn fosfaatakkoart

De Fryske Nasjonale Partij (FNP) wol dat biologyske en grûnbûne boeren sparre wurde yn it fosfaatakkoart. It akkoart waard ferline wike sletten tusken organisaasjes út de lânbou, de suvelsektor en steatssekretaris Van Dam om de útstjit fan fosfaat yn de lânbou omleech te bringen. Nederlân giet no fier oer it EU-plafond hinne dat hjir foar ôfpraat is.
FNP-foarsitter Ultsje Hosper fynt dat Van Dam in útsûndering meitsje moat foar biologyske boeren en boeren dy't net mear as twa kij op in bunder hawwe, de grûnbûne boeren, omdat dizze groep net skuldich is oan de te grutte fosfaatútstjit.