Amsterdammers te sterk foar sealfuotbalsters Avanti Stiens

25 nov 2016 - 22:18
ZVV-Avanti Stiens - Foto: Omrop Fryslân

De froulju fan Avanti ha freed yn eigen hûs mei 5-1 ferlern fan Zuidoost-United út Amsterdam. De ploech út Stiens stie foarôfgeand oan de wedstriid op it tsiende plak. Zuidoost-United wie de nûmer 3 fan de kompetysje.

Avanti begûn goed oan de wedstriid mar seach healwei de earste helte dochs tsjin in 1-0 efterstân oan. Trochdat beide ploegen yn de earste helte noch in kear skoarden wie de rêststân 1-2. Foar Avanti wie Femke Reitsma de doelpuntemakker. 

Yn de twadde wie it ferset fan Avanti brutsen en rûnen de Amsterdammers út nei in romme 1-5 oerwinning.

Trefwurden: 
Avanti Stiens sealfuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)