SC Cambuur hâldt oansluting mei 3-1 winst op NAC Breda

25 nov 2016 - 21:53

Sportklup Cambuur hâldt de oansluting by de subtop yn de Jupiler League. De Ljouwerters wûnen freedtejûn yn eigen hûs mei 3-1 fan NAC Breda. It is de tredde winst op rige foar Cambuur yn de Jupiler League. Cambuur kaam healwei de earste helte op in foarsprong troch in goal fan Sander van de Streek. NAC sette dêrnei fuortendaliks druk en noch foar it skoft makke Faupala de lykmakker. Van de Streek sette Cambuur yn de twadde helte opnij op in foarsprong en Jamiro Monteiro soarge foar de beslissende 3-1.

Troch de winst stiet Cambuur no op 23 punten út 15 wedstriden. Om't de neiste konkurrinten freedtejûn ek wûnen, bliuwt Cambuur op it 12e plak stean. Moandei spylje de Ljouwerters tsjin Telstar.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)