Crowdfundingsaksje foar keunstwurk oan waadkust by Holwert

It keunstwurk Wachten op Hoog Water moat yn 2018 oan de kust by Holwert stean. Byldzjend keunstner Jan Ketelaar fan Drachten is al in pear jier dwaande mei de byltenis fan twa froulju fan 5 meter heech. De iene grou en de oare tin. It wurk kostet lykwols safolle tiid dat hy net mear oan syn oare wurk takomt en finansiering fan bygelyks KH2018 is der ek (noch) net.
Joop Mulder fan Oerol en Sense of Place is no mei in crowdfundingsaksje úteinset om Ketelaar te helpen syn dream útkomme te litten.
Sense of Place is in projekt dat keunst by it Waad stimulearje wol. Jan Ketelaar is wiis mei de aksje en hopet op dizze wize syn bylden ôfmeitsje te kinnen. De twa froulju stean foar in syktocht nei balâns en útwikseling. Mei it keunstwurk wol Ketelaar minsken byinoar bringe.
Wa't de bylden sjen wol is sneontemiddei fan 13.00 oant 17.00 oere wolkom yn syn wurkpleats oan de Tussendiepen 6 yn Drachten.