Striid om kreakpân yn Ljouwert sit sa fêst as in hús

25 nov 2016 - 21:12

De al in pear jier duorjende striid om in histoarysk kreakpân oan de Stasjonswei yn Ljouwert sit noch hieltyd muorrefêst. De striid giet tusken de eigener en de gemeente Ljouwert. Eigener Jur Raatjes fan Dokkum hat troch it ûnôfhinklik ûndersyksburo Hoekstra Brandbeveiliging in ûndersyk ynstelle litten nei de feiligens yn it hûs. Raatjes wol no dat it hûs ûntromme of keurd wurdt troch de brânwacht. Hy stelt boargemaster Ferd Crone persoanlik oanspraaklik foar eventuele gefolgen yn de takomst.

Yn it rapport wurde allegearre ûnfeilige situaasjes oanjûn en oanbefellings dien foar ferbettering. De boargemaster seit it hûs wer kontrolearje te litten. Neffens him kin er lykwols net de brânwacht der hinne stjoere of it hûs ûntromje litte.

Raatjes is ûngelokkich mei de opstelling fan de gemeente. Hy kin it hûs op dit stuit net yn en hy kin it ek net fersekerje, seit er. Dêrom kin hy ek net fierder mei eventuele plannen. De eigener ropt de gemeente op om goed nei it nije keuringsrapport fan Hoekstra te sjen en him konstruktyf op te stellen, sadat hy it hûs yn elk gefal wer fersekerje kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)