Malafide messeslipers aktyf yn Ferwerderadiel

© ANP
De plysje warskôget foar malafide messeslipers yn Ferwerderadiel. Ofrûne tiisdei krige in ynwenner fan dy gemeente besite fan in man dy't oanbea om syn ark te slypjen. It slachtoffer gie akkoart, mar krige dêrnei in piperdjoere rekken presintearre. De messesliper woe doe gjin faktuer jaan, mits dêr ek wer grou jild foar betelle waard. De plysje advisearret minsken om net yn te gean op tsjinsten oan de doar.