Ungelokken op Fryske diken: "Frachtwein kin moardwapen wêze"

De lêste tiid binne der in soad slimme ûngemakken op de dyk. Neffens Sipke van der Meulen fan it Regionaal Orgaan foar de Ferkearsfeiligens yn Fryslân hat dat faak te krijen mei saken dy't minsken dogge ûnder it riden.
Hy stiet der fersteld fan wat der allegearre achter it stjoer bart. "Ite, skeare, opmeitsje, smoke, belje, oantekenings meitsje en foaral dwaande wêze mei de mobile telefoan".
Op Tsienzerbuorren by Reduzum hawwe yn koarte tiid wol seis ûngemakken west. Neffens besikers fan sjauffeurskafee de Blauwe Tent is der oan de dyk neat feroare, dus moat it wol hast gean om minsken dy't de kop net by it riden hienen. "Dy telefoan is in ferslaving, miskien moatte we dêr mar oan wenne."
Frachtweinen
Opmerklik is it tal frachtauto's dat de lêste wiken by ûngelokken belutsen is. De gefolgen binne dan in stik grutter. Klaas Hoekstra fan projekt Veilig Verkeer fan de Chauffeursvereniging Friesland fertelt dat frachtweinsjauffeurs faak ûnder druk ride. De druk om it bêste te dwaan foar de baas.
Leechsteande sinne
Rydynstrukteur Jetse Visser sjocht in mooglike oarsaak yn de tiid fan it jier: it is langer en earder donker en de sinne stiet leech. En sliepapneu, dêr't minsken spontaan by yn sliep falle. It begjint hast in beropssykte te wurden seit Visser. "Net dat it faker by sjauffeurs foarkomt, mar omdat sjauffeurs keurd wurde, komt it nei boppe". Jetse hat in pear kear heard dat sliepapneu de oarsaak wie fan in ûngemak mei in frachtwein.
Gedrach
It grutste gefaar foar frachtweinsjauffeurs is neffens Sipke van der Meulen it gedrach fan it oare ferkear. It is oars riden mei in frachtwein en dat hawwe minsken net troch. Dit hat alles te krijen mei de grutte en it gewicht fan in auto mei oplizzer. "As se achteryn in file klappe, moast sjen wat der bart, dat is in drama, dan is it in moardwapen.''
Harkje foar it folsleine ûndersyk nei de útstjoering fan Buro de Vries.