Man moat sel yn foar jierren duorjend misbrûk dochters

25 nov 2016 - 16:15
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In âld-ynwenner fan Koatstertille moat fjouwer moannen de sel yn, omdat er syn dochters misbrûkt hat. It misbrûk duorre seis jier, oant de famkes 14 jier wiene. De saak kaam oan it ljocht doe't in famyljelid nei de plysje stapte. De mem fan de bern hat de man doe it hûs útset.

De straf is heger as de eask. De rjochtbank tilt der swier oan dat de man allinne oan himsels tocht en gjin rekken hâlde mei syn bern. Hy moat syn dochters twatûzen euro smertejild betelje.

Trefwurden: 
selstraf misbrûk
(Advertinsje)
(Advertinsje)