Jas en klompen fan Viktor & Rolf nei Fries Museum

© Erik & Petra Hesmerg photography
De tentoanstelling oer Hylpen yn it Fries Museum yn Ljouwert wurdt oanfolle mei in jas en klompen fan it bekende ûntwerpersduo Viktor & Rolf. Sy hawwe har ynspirearje litten troch de âlde Hylper dracht. Minsken kinne yn it Fries Museum sjen hoe't de typyske Hylper styl ûntstien is, oan de hân fan âlde printen en de Hylper keamer, mei diggelguod en meubels.
Net allinne de moade-ûntwerpers Viktor & Rolf hawwe har troch Hylpen ynspirearje litten, dat jildt ek foar oare ûntwerpers. Fan Christien Meindertsma bygelyks wienen earder meubels te sjen mei Hylper motiven.