"Earst de priis omhooch, en dan korting. Must my dat leare!"

Black Friday, de dei mei spektakulêre koartingen yn de winkels, liket definityf oerwaaid út Amearika. Ek by ús komme op dy dei hieltyd mear bedriuwen mei koartingsaksjes. Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de reaksjes wikseljend.
"Ik ben een echte koopjesjager, ik ga echt los vandaag!", mar ek: "Jo moatte net keapje om it keapjen. Ditsoarte aksjes bin bedoeld om guod oan te skaffen das't net noadich bist".
"We binne wol Nederlanners fansels, dus echte koopjesjagers: foar in dûbeltsje op de earste rang". Ta beslút konkludearre in echtpear dat se graach hûndert euro mear betelje om op in fertroud adres te keapjen: "Dan kinne je der ek wer mei hinne as der wat is...".