Tûzenen jassen wurde útdield oan flechtlingen op Lesbos

25 nov 2016 - 13:55

Op Lesbos is begûn mei it útdielen fan winterjassen oan flechtlingen op it Grykse eilân. Under de 6.000 jassen dy't yn in loads lizze, binne mear as tûzen Fryske jassen. Dy waarden ophelle nei in oprop yn it Omrop Fryslân-programma Fryslân Hjoed. Ien fan de jassen is dy fan ferslachjouwer Auke Zeldenrust. Hy folget syn jas en is no op Lesbos.

Mear as tûzen jassen komme út Fryslân. De jassen wurde sammele by in loads op it eilân. Fan dêr wurde de jassen ferspraat en nei de flechtlingen brocht op it eilân.

''Dat makke yndruk''

De ferslachjouwer is op dit stuit yn Mytilini, de haadstêd fan it eilân Lesbos. Der wenje 30.000 minsken yn 'e stêd. ''Sa no en dan sjogge je in flechtling op strjitte'', sa fertelt er. ''Juster seach ik dat der in rêdingsboat mei rêdingsfesten tusken de lúkse skippen yn 'e haven lei. Dat makke wol yndruk.''

Neffens ferslachjouwer Auke Zeldenrust is it flechtlingeprobleem op Lesbos grut. ''It eilân kin mar 3.000 flechtlingen oan, wylst der no 6.000 minsken op Lesbos in plak sykje. Der moat gau wat barre fan de Europeeske Uny út.''   

''Net te befetsjen''

''Wat je faaks hearre: de flechtlingeproblematyk is my te grut en te heftich'', sa seit Auke Zeldenrust. ''En dan geane minsken faaks troch. De situaasjes binne faaks net te befetsjen foar de minsken. Bytiden is it dan better om je ferhalen fan it lytse út te fertellen, mei in jas bygelyks.''

(advertinsje)
(advertinsje)