Foto's dossier Vaatstra op tv

19 maaie 2012 - 15:17

Justysje lit foar it earst foto's op tv sjen út it dossier fan de saak Vaatstra. Hoewol't dêr neffens de famylje konfrontearjende bylden by sitte, is der dochs tastimming jûn. Snein makket justysje mear bekend.

In saneamd 3D-team wurket al jierren oan de saak. Se hawwe mei de nijste techniken ûnder oaren it plak yn kaart brocht dêr't Marianne Vaatstra út De Westereen yn 1999 ferkrêfte en fermoarde is. De konklúzjes fan it 3D-team wize dúdlik op ien senario en dat wurdt snein bekend makke yn it misdiedprogramma fan Peter R. de Vries.

Trefwurden: 
Marianne Vaatstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)