Swimbad Drachten krijt priis foar fleksibele sinnepanielen

Sportbedriuw Drachten hat op it Nasjonaal Swimbadkongres de jierlikse ynnovaasjepriis swimbaden útrikt krigen. It Sportbedriuw krige de priis fanwege de ynnovative bedriuwsfiering en de ynset om duorsum te ûndernimmen.
It swimbad hat ûnder oare fleksibele sinnepanielen en wurket mei iSpace Sports: in sportseal mei beamers, lûdsboksen en LED-linen yn de flier. Dêrmei wurde spuleleminten makke, dy't de bern en âlderein yn beweging bringe moat.