FIDEO: Hjerstblêden meitsje plak foar de winter

In bysûndere blêdblazer yn de bosk fan Oranjewâld. Eelco de Haan út Aldeberkeap makket yn opdracht fan Steatsboskbehear de boskpaden frij fan it blêd. Dat is net allinnich noflik foar de kuierders, mar ek better foar it ûnderhâld fan de paden. As de blêden lizze bliuwe, dan kinne de paden net drûgje en bliuwe se sompich. Je kinne De Haan de kommende tiid ek tsjinkomme yn de bosk by Bakkefean, Noardwâlde en Haulerwyk. En dat sjocht der dan sa út.