''Helpe is net altyd maklik, mar wol wichtich''

25 nov 2016 - 12:19
Akteurs Myrka en Jeen yn Bosk (yn de searje Marrit en Justus)

Fan hjoed ôf is de dramasearje Bosk online te besjen op Omropfryslan.nl/bosk. Yn de searje bringt Justus syn fakânsje troch by omke en muoike op harren kampearbuorkerij by it bosk. As hy op in dei it paad bjuster is yn it bosk, komt hy in ferwyldere man mei in wûne tsjin. Justus beslút de man te helpen. Dat besiket er tegearre mei freondinne Marrit, de dochter fan in de eigener fan in grut hotel, te dwaan. Mar dat is net sa simpel as it liket.

Mar hoe giet it meitsjen fan sa’n searje yn syn wurk? En hoe is it om ien fan de haadrollen te fertolkjen? Om antwurd op dy en oare fragen te krijen hawwe wy in tal fragen foarlein oan regisseur Halbe Piter Claus en haadrolspylster Myrka van der Wal (Marrit yn de searje).

Myrka, wat dochsto yn it deistich libben?
Myrka: ‘’Ik sit no in klasse 4 fan de havo, en neist it learen foar skoalle lear ik yn myn frije tiid op de jeudteaterskoalle Meeuw, yn Ljouwert. Wannear't ik klear bin mei myn middelbere skoalle wol ik audysje dwaan foar in toanielakademy. Fierder lês ik in soad en sjoch ik nei in protte films en searjes.’’

Halbe Piter, hoe is it tema foar Bosk ûntstien?
Halbe Piter: ‘’Mei de SkoalTV dramasearjes foar it fuortset ûnderwiis bliuwe we ticht by de aktualiteit. Doe’t Bart Kingma (senarioskriuwer) en ik mei de ûntwikkeling fan Bosk úteinsetten wie de flechtlingestream troch de Balkan alle dagen yn it nijs. Is de werklikheid sa’t dy op telefyzje en yn ’e kranten te sjen is wol de echte werklikheid? Is de wierheid swart wyt? En wat is eins krekt in flechtling? Sa kamen we op it tema ‘helpen'. Wannear helpsto immen en wat moatst der foar oer ha om dat te dwaan? Justus komt der yn Bosk al gau efter dat helpen net altyd maklik is.’’

Liket Marrit op Myrka of just hielendal net?
Myrka: ‘’Marrit en ik ferskille wol in soad fan inoar. Marrit falt te beskriuwen as ien dy't hiel direkt is, it eigen belang foarop stelt en it leafste oaren foar har oan it wurk set. Dat wie hiel ynteressant om te spyljen omdat ik sels it leafste elkenien tefreden hâld en graach hurd wurkje om myn doelen te berikken. Wat dat oanbelanget soe ik wol in bytsje leare kinne fan de sterke persoanlikheid dy't Marrit hat.’’

Halbe Piter, wat wie foar dy de útdaging by it meitsjen fan de searje?
Halbe Piter: ‘’It wurkjen mei jonge akteurs sûnder ûnderfining is in prachtige útdaging. Jeen (Justus) hat spesjaal Frysk leard foar Bosk. Wat dat oanbelanget is hy in foarbyld fan datst mei trochsetten en hurd wurkjen in prachtige rol delsette kinst en dat Frysk net dreech of stom is om te learen. Ik ha dêr in protte respekt foar.’’

Myrka, yn Bosk giesto op in stuit hast hielendal út de klean. Wie dat net spannend?
Myrka: ‘’Fansels wie it hiel apart om fuort sa yn it djippe goaid te wurden. De sêne yn de bikiny waard al op de earste draaidei opnaam wat foar noch mear senuwen soarge. Gelokkich wie er de fantastyske crew om my te begelieden yn it hiele proses.’’

Halbe Piter, hoe giet it meitsjen fan in searje yn syn wurk?
Halbe Piter: ‘’It hiele proses fan it meitsjen fan in searje as Bosk duorret rûchwei in jier. It begjint mei it skriuwen en dêrnei it oanpassen fan it skript. Dan komme de audysjes foar de ferskate rollen. Dêrnei repetearje wy safolle mooglik om de opnametiid sa koart mooglik hâlde te kinnen. Yn totaal hawwe wy fyftjin dagen opnamen hân. Dan begjint it montearjen, as dat klear is wurdt it audio neibewurke. Sa wurde ek bygelyks de kleuren fan de bylden bewurke.’’

Mar wêrom moatte wy no nei Bosk sjen?
Myrka: ‘’Bosk is net allinne hiel spannend en aardich om nei te sjen, mar is ek hiel learsum foar bern om't se sa it Frysk noch better ûnder de knibbel krije kinne. Boppedat lit Bosk minsken ek neitinke oer de flechtlingeproblematyk en hoe fier se sels gean wolle om in frjemdling te helpen. It karakter Justus hat my bot ynspirearre, troch de wize wêrop't hy him foar de folle 100% ynset foar Retze. Hy lit sjen dat helpe net altyd maklik is mar wol altyd hiel wichtich is.’’

Bosk is fan hjoed ôf te sjen op Omropfryslan.nl/bosk. De folsleine rige wurdt op Omrop Fryslân Telefyzje 25 desimber om 15.30 oere útstjoerd as film en as searje fan 9 jannewaris ôf (alle moandeis fan 18.45 ôf alle oeren).

De searje makket, tegearre mei it boek ‘Wês net bang’, diel út fan it ‘LêsNo’ projekt, wêrby’t it diel is om Frysk lêzen oantreklik te meitsjen foar jongerein yn it fuortset ûnderwiis. It projekt is op inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Frysk ta stân kaam en is in gearwurking fan Bibliotheekservice Fryslân, Cedin, Afûk, Omrop Fryslân en Tresoar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)