Monasch oerleit mei kandidaten oer syn nije partij

© ANP
Jacques Monasch seit dat er begjin takom wike mei nijs komt oer syn politike takomst. Earder wie de ferwachting dat er dit wykein bekend meitsje sil dat er meidocht oan de Twadde Keamerferkiezings fan maart takom jier.
Dat wurdt wat letter omdat Monasch 'de aginda's lyk sette moat' mei kandidaten foar syn nije beweging. Hy stapte hast trije wike lyn út de PvdA. Monasch wie fan doel dêr de nije listlûker te wurden, mar hie in skeel mei de partijtop.
De liedersstriid by de PvdA giet no tusken Diederik Samsom en Lodewijk Asscher. Dy binne beide sneon yn Ljouwert. Yn de Elfstedenhal sille se mei-elkoar te reedriden én yn debat.