Slachtoffer ûngelok De Jouwer oan ferwûnings ferstoarn

© Srfotografie
De 31-jierrige Snitser dy't ferline wike by it slimme ûngelok op de A7 by De Jouwer oanriden waard, is oan syn ferwûnings ferstoarn. Dat meldt de plysje. De 31-jierrige man, syn 29-jierrige frou en harren dochterke fan in jier stienen yn de file foar de rotonde by De Jouwer, doe't se fan achteren oanriden waarden troch in 39-jierrige sjauffeur fan in frachtwein út Mijdrecht.
De sjauffeur hie de file foar de rotonde te let sjoen. Hy is oanhâlden. Ynsittenden fan oare auto's dy't by it ûngelok belutsen wienen, kamen mei de skrik frij. De sneldyk wie oeren ticht om de gaos op te rêden.
Maatregels
Rykswettersteat kundige earder freed al oan maatregels te nimmen om de situaasje by de rotonde by De Jouwer te ferbetterjen.