Ekstra maatregels De Jouwer nei ferkearsslachtoffers

Rykswettersteat nimt by it ferkearsplein by De Jouwer ekstra maatregels op de A7 om automobilisten út de rjochting Snits dúdliker te attendearjen dat der in rotonde oan komt en dat der mooglik files stean. Der komme tusken de ôfrit Joure West en it ferkearsplein ekstra strepen en ribbels op de dyk.
Dêrneist komme der opfallende buorden te stean mei dêrop de de maksimumsnelheid fan 90 en 70 kilometer. Dy buorden komme ek op de A7 fan út It Hearrenfean. De wurksumheden binne dit wykein.
Rykswettersteat nimt de maatregels nei oanlieding fan it grutte tal ûngelokken by it ferkearsplein. Ferline wike botste in frachtwein achterop in auto mei in jong gesin, dy't yn de file foar de rotonde stie.
Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren hie om de maatregels frege. Rykswettersteat docht de kommende wike ekstra ûndersyk nei it ferkearsgedrach fan automobilisten.