Sacha fljocht mei swannen mei nei Lauwersmargebiet

25 nov 2016 - 08:39

Mei in paramotor, in soarte fan parasjute mei in motor, fljocht de Britske Sacha Dench fan Sibearje, fia Frankryk nei Engelân. Se fljocht deselde rûte as de lytse swan. En hjoed is se bedarre by de Lauwersmar. Op besite by in grutte fan fan de lytse swan, boskwachter Jaap Kloosterhuis.

Neffens him is de swan yn gefaar, ûnder oare omdat der troch jagers op sketten wurdt. Fryske jagers ûntkenne dat se op de swannen sjitte. Dat mei hielendal net, sizze se, en it ferskil tusken de swan en oare fûgels is dúdlik te sjen.

It kin wol wêze dat der ris ien sneuvelet troch in ûngelokje, seit Titus Sijmonsma fan de Fryske jagersferiening, mar der wurdt beslist net bewust op de bisten sketten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)